Selecteer een pagina

Foekje

Foekje

Foekje Dillema, ‘de Friese stoomwals’ út Boerum. Ein jierren ’40 ferplettere se út it neat wei har konkurrinsje yn it ynternasjonale hurdrinsirkwy. Yn 1950 soe se as grutte kânshawwer dielnimme oan it EK yn Frankryk. Mar dêr kaam it net fan: der waard twivele oft de flugge plattelânske wol in frou wie. De krekt ynfierde seksetest wegere se. Foekje waard foar it libben skrast. Har olympyske dream yn de knop brutsen. Oer dit yngripende libbensbarren swijde se oant har dea ta. Wie dat út skamte? Ut grutskens? Of ferset? Moatte wy dan ek swije?

De foarstelling Foekje is in muzikale, emosjonele rekonstruksje fan Foekje har libben. Ferskate personaazjes besykje bleat te lizzen wat Foekje ús hjoed-de-dei te fertellen hat. Hoe is it om útsletten te wurden om wa’st bist, yn de sport en yn ‘e maatskippij? En wat seit har ferhaal oer ús, oer wa’t wy binne?

Yn gymsealen troch hiel Fryslân en op Oerol Skylge fiere we Foekje har eksplosiviteit, fearkrêft en ûnfersetlikheid.

Andere events bij Boog-Bolsward: